Samira Rafaëla, Europarlementariër foar D66, fynt dat jongerein de polityk fan binnen feroarje moatte. ‘Wy moatte de revolúsje meitsje foardat dy útbrekt’, sitearre sy yn Ljouwert Hans van Mierlo op it kongres fan de Jonge Demokraten, de D66-jongereinferiening. Dy konklúzje luts Rafaela nei in petear mei Fryske studinten en Fryske taalorganisaasjes.
By in picknick yn de Prinsetún joegen de studinten fan studinteferiening Nobis Cura Futuri fan Campus Fryslân oan sawol de Europeeske as Fryske D66-fraksje mei dat se harren soargen meitsje oer de takomst fan jongerein, it klimaat en de polityk. Sawol yn Brussel as De Haach is der neffens de jongerein te min oandacht foar de regio’s en it plattelân, wêr’t klimaatferoaring en drûchte mear ympakt hawwe sûnder rjochtfeardich belied fan de oerheid. Rafaela beneidrukte it belang fan de krityske, progressive en aktivistyske hâlding fan de studinten om sa de takomst fan Europa wis te stellen, mei namme út in regio as Fryslân.
‘In Fryslân we trust’
Ek hawwe de D66-politisi in rûnetafelpetear hân mei ferskate taalinstituten dy’t him dwaande hâlde mei meartaligens, taalferskaat en Europeeske gearwurking op it mêd fan taal, ûnderwiis en kultuer. Ûnder oare de Fryske Akademy, de Afûk en it Europeesk Buro foar de Lytse Talen sletten oan by it petear yn letterkundich museum Tresoar. In passende lokaasje, neffens Europarlementarïer Rafaela. “It erfguod fan Fryslân moat alle oandacht krije fan de Europeeske ynstituten, in Fryslân we trust.” De fokus fan it petear wie de fersterking fan ynternasjonale gearwurking, lykas it belang fan de beskerming fan minderheidstalen as it Frysk.
Der is ûnder oare sprutsen oer de rol fan minderheidstalen yn de regionale identiteit en of de Europeeske Uny foldwaande docht om it Frysk as taal te beskermen. Dêrneist is der ek besprutsen hoe’t de Europeeske Uny de gearwurking mei de ynstituten yn Fryslân fersterke kin. Danny van der Weijde, fraksjefoarsitter fan D66 yn de Fryske Steaten, is bliid mei de komst fan syn Europeeske kollega. “Wy hawwe hjoed in moaie kant fan Fryslân sjen kinne litten en ek it belang fan mear Europeeske ynset foar ús regio en ús taal op de kaart set.
Samira Rafaela is bliid mei de belutsenens en ekspertise fan de studinten en ynstituten yn Fryslân en sil wat se leard hat meinimme yn har politike wurk, sei se ta op it kongres fan de Jonge Demokraten. Se die de oprop oan de D66-jongerein om har kritysk te uterjen en aktyf te wurden yn de polityk. De jongerein wie yn grutte oantallen út hiel Nederlân nei Ljouwert ôfreizge foar it kongres. Ek as it giet om de eigen partij. Ek frege se om it eigen ferhaal te befreegjen en yn petear te gean mei minsken dy’t just in hiele oare miening hawwe om de ferskillen yn de maatskippij te oerbrêgjen.